Yn de doarpen oant fier yn de omkriten fan Easterwierrum waard it hieltyd dúdliker dat der wat geande wie yn de gemeente, want oeral ferskynden hânôfdrukken yn skuonpoetsersguod op doarren en ruten fan allerhande gebouwen en auto’s. It docht bliken dat de 33 bern dy’t sûnt jannewaris al oan it repetearjen binne, harren al hielendal lid fiele fan harren Binde fan ‘e Swarte Hân, ek bûten de repetysjes om. De bern binne yn in it stik foar in grut part echt bindeleden.
Ut Easterein wei dogge twa jonge ynwenners mei: Mette Stap en Stern Kok. Tekst- en muzykskriuwer Peter Sijbenga út Reduzum naam Pietje Bell, de held fan de ferneamde berneboeken wol as basis, mar skreau in kompleet nij stik dêr’t noch mear jeugdhelden fan it branyskopperige en kreative type figurearje. Oliver Twist, Pippi Langkous, Dik Trom, Suske de Rat en Sietske en Hielkje. De regy is dit jier foar it earst yn hannen fan Romke Gabe Draaijer en Sjoerd Blom, Joke Krist tekenet foar it ynstudearjen fan de songs, Coco de Haas en Trieneke Verbeek binne ferantwurdlik foar de dûns en de ûntwerpers fan it dekor en de kostuums binne Jan-Eric Venema en Wolly Prins.
In de dorpen tot ver in de omgeving van Easterwierrum drong de afgelopen weken tot de inwoners steeds meer door dat er iets op til was in de gemeente, want overal verschenen handafdrukken in schoensmeer op deuren en ramen van allerhande gebouwen en auto’s. Het blijkt dat de 33 kinderen die sinds januari al aan het repeteren zijn, zich al helemaal lid van hun Binde fan ‘e Swarte Hân voelen, ook buiten de repetities om.
De bern wurkje ûnder harren lieding hast in heal jier yntinsyf oan it stik. Se leare spyljen, sjongen, dûnsjen, guons sprekke foar it earst Frysk en it is boppe alles in fantastyske sosjale learûnderfining foar harren. Pietje Bell is it 27ste stik foar BIS.