Nije CD Freddie Scheltema no ek op Spotify 

De nije CD fan Freddie Scheltema is no ek te streamen fia Spotify. Op it plaatsje, fan ‘e winter opnommen yn de studio fan Sytze Verbeek, stean njoggen frysktalige nûmers. Acht ferskes binne fan eigen hân, ien is in fertaling fan in nûmer fan Bob Dylan. Alles is ynspiele troch de Eastereiners Gerrit Hingst (gitaren), Sytze Verbeek (keyboards) en Simon Paul Strikwerda (drums).