Útnoeging ledegearkomste.
Hjierby binne de leden fan GEKE útnoege foar de ledegearkomste op woansdei 10 maaie om 20:00 yn de skoalleseize.
GEKE hat as doel it befoarderjen fan de leefberens en duorsumens yn Easterein. Troch oer te stappen op grien gas en elektrisiteit wurdt Easterein duorsumer. Foarich jier is besletten om in diel fan de opbringst te dielen mei de ferienings yn it doarp. Ûndertusken binne de earste bedragen oermakke nei de ferskate ferienings en dermei stipet GEKE it doarp.
Op dizze jûn wolle wij jimme op de hichte bringe wer’t we no steane en wat de plannen binne. We ha as bestjoer in foarstel foar in nije koers.
Graach heare wy as jo oanwêzich binne op de fergadering. Dat kin fia info@geke-easterein.nl
Mei freonlike groetnis,
It bestjoer fan GEKE