Op sneon 13 maaie 2017 kinne minsken wer los op ferskeidene rocknûmers dy’t spile wurde tidens Rocknacht Easterein. Mei de froulju’s rock & rollband ‘Las Bandidas’ yn it foarprogramma en de band ‘Rockstieren’ as haadact, hat it bestjoer besocht der wer in knallend programma fan te meitsjen. Dus kom del om efkes gesellich in bierke te drinken. Tsjoch!
De bands
De band Las Bandidas trapet ôf en bestiet út fiif pittige froulju mei ien mienskiplike passy: musyk meitsje. Se spylje wat se sels lekker fine, mei as risseltaat in repertoire mei de bekende rocknûmers fan de jierren ’60 en ’70. Dus dat wurdt ‘Rocken en rollen’ oanst der by del falst. As echte banditen stelle se de show en sille sy ek dyn rockhert feroverje.
De Rockstieren binne rockers dy ‘t allegear san 20 oant 30 jier poadium- en banderfaring hawwe. It motto fan dizze bollen is: It’s only rock & roll and we like it! Mei harren covers fan de bekende stevige rockhits, boerenrockhits, evergreens en feestmusyk meitsje sy der in spektakulêre show fan! Koartom musyk om by te hossen, te dûnsjen en te høken!
Kaarten foarferkeap
De kaarten kostje yn de foarferkeap € 10,- en de earste konsumpsje is fan it hûs. De kaarten binne te krijen by Snackbar De Tramhalte yn Boalsert en by Jumbo Wommels . De minsken dy foar 22.00 oere komme, meie ek noch foar € 10,- nei binnen. Nei 22.00 oere is it € 15,- oan de kassa.
Mear ynformaasje
Sjoch op www.rocknachteasterein.nl foar mear ynformaasje! Hâld ek ús Facebookpagina yn ‘e gaten foar winaksjes en oare ynteressante feitsjes.