Skoallefuotbaltoernoai Littenseradiel op 17 maaie 2017

Op woansdei 17 maaie organisearret f.f. SDS wér it skoalfuotbaltoernoai. Op dit toarnoai komme alle bern fan de basisskoallen fan Littenseradiel. Altiid tige moai om te sjen hoe de bern fuotbalje kinne mar noch folle moaier om te sjen hoe at de bern dy’t net fuotbalje, harren skoalle oanmoedigje. Titelhâlder is de Foareker Easterein. Ek de famkes fan Easterein hawwe yn 2016 poerbést prestearre. Sy binne doe 2de wurden. It toernoai begjint om 15.00 oere