Woansdei 17 maaie wie de dei fan it skoalfuotbaltoernoai Littenseradiel op de sportfjilden fan de Skoalleseize. Fuotbalferiening SDS organisearret dit toernoai en it soe sa mar de léste kear wéze kinne i.f.m. de opheffing fan de gemeente op 1 jannewaris 2018. De Foareker fan Easterein wie by de jonges de grutte winner fan 2016 en moast de titel ferdigenje. Mei 3 teams binne se nei de Skoalleseize ta setten. In jongesteam. In famkesteam en in mix-team. At it no it trainen yn de nije pannekoai op it skoalplein is as dat de Foarekerbern better oer de waarmte kinne, kinne we no noch net sizze mar sawol de jonges als de famkes binne KAMPIOEN fan Littenseradiel en die titel kin nimmen hun wér ôfpakke
(foto: de Foareker Easterein)