Jongereintoaniel op eigen skonken!

It is al hast wer fiif jier ferlyn dat it doetiidske bestjoer fan toanielferiening Fuort mar los mei it plan kaam om toaniel foar jongerein yn Easterein op te setten. It idee wie om te begjinnen mei jongereintoaniel binnen Fuort mar los en om nei in pear jier in selsstannige feriening op te rjochtsjen spesjaal foar jongerein.

Nei fjouwer súksesfolle toanielfoarstellings troch de jongerein, is no de tiid kommen om op eigen skonken stean te gean. Wy wolle jimme dêrom foarstelle oan ‘Nuvere fratsen’, de toanielferiening foar en troch jongerein.  Fansels kinne jim lid of stiper wurde fan ús feriening en ynkoarten sille wy jimme hjir oer mear ynformaasje stjoere.

Wy kinne jim no al witte litte dat ‘Nuvere fratsen’ yn febrewaris 2018 de foarstelling ‘Aladdin’ op ‘e planken bringe sil. Wy gean út fan wér in fanatastysk toanielseizoen en hoopje jim te sjen by de útfiering fan ‘Aladdin’!

 

Met freonlike groetnis, it bestjoer fan ‘Nuvere fratsen’

Siebolt Bouma, Akke Veldman, Friek Kosse, Linda Petra en Ria Dijkstra