De gemiddelde leeftiid fan de winners fan de fiskwedstriid op snein 30 septimber welke organisearre wa troch de fûgelwacht Easterein wie net heech. Johannes moast de leeftiid wat opkrikke. Hy hie al it 1e ljipaai fan de wacht en no sleepte hy ek noch de priis foar de meast fisken by de senioren mei 7 fisken binnen, al wa hy op de nek sitten troch Rutger. Ek al san jonge betûfte natoerman. De priis foar de grutste fisk by de senioren wie foar it jeugdige duo Benthe en Lisa. Sy fongen in fisk fan 18 cm.
By de jeugd wie it tige spannend wa at dér de grutste en measte fisken hie. De striid gong aardich gelyk op. Eintsjebeslút wie de priis foar de grutste fisk foar Marc Hoekstra. Hy slingere in moaie fisk fan 20 cm út de Skippersbuorren. De priis foar de measte fisk wie dit jier foar Jasper, de soan fan Johannes. Hy fong 6 fisken. It blykt wol dat de senioren fan de fûgelwacht harren opskerpje moatte want de jeugd komt der oan.