Op sneon 13 april hat de fûgelwacht master Hingst yn it sintsje setten. Master Hingst is al jierren aktief als neisoarger en hat yn it ferline op de légere skoalle de Foareker in soad oandacht jûn oan it aaisykjen. Dértroch is de fûgelwacht op dit stuit in feriening mei in soad aktieve neisoargers. De fûgelwacht Easterein hat dérom yn gearwurking mei doarpsbelang Hâld Faesje en de gemeente Súdwest Fryslân in bankje op de âld dyk delsetten. Dit bankje sjocht út op syn neisoarggebied. Yn de aaisykersmûle de 13/1 fan Yntema. Master Hingst en syn frou binne sneon ophelle troch hynder en wein en nei de âld dyk riden