Ferslach Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai

De 10e edysje fan it Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai is fantastysk ferrûn! De organisaasje ferrûn sa soepel as wat. Alle teams op tiid klear foar de folgjende wedstriid, in soad wille, alle útslachbriefkes waarden kreas by de wedstriidlieding brocht.

De jûn begûn mei in stikje gebak fan de kommisje foar alle dielnimmers om
it 10-jierrich bestean te fieren. Der diene wer 18 teams mei en de striid wie tige sportyf, gesellich,
fanatyk en blier yn it spier yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. En nei
ôfrin koe elk genietsje fan de hearlike hapkes fan Titus út namme fan Sportkafee
De Greidhoeke
!

Dizze edysje
waard mei mooglik makke troch Rabobank Sneek Zuid-West Friesland, Snits, Grafische
Groep vd Eems, Couperus Hydrauliek, Altac, allegearre Easterein, Berbos, Boubedriuw
Bootsma, Turns, Koning Installatietechniek, Itens, ING Donatiefonds.

Yn poule A
gie de winst nei Rabobank en hja mochten de prachtige pakketten fan DA-Fizel,
Wommels
yn ûntfangst nimme nei in spannende striid mei Agri Team dy 2e
waard. Plakken 3-6 wiene foar VC Itens eo, SportKafee Titus 6 bier, KF Easterein
& DA-Fizel.

Topteam
Agrarische Verzekeringen
gie
der yn poule B fan troch mei de bonnen fan Bergsma Restaurant & Partycentrum,
Easterein
. Ek hjir de striid spannend mei nûmer 2, v.v. SDS. Op 3-6 einigen
Leanbedriuw Okkema 1, Boubedriuw Bootsma Turns 1, Elephant-Vellinga en
Túnoanlis Bonnema.

It team dêr’t ien
fan de spilers in blessuere oprûn wist dochs poule C te winnen, Dreamteam
Bergstra
en hja krigen de pakketten fan Bakkerij Posthuma, Wommels.
Ek hjir wie it spanning mei de nûmer 2, COOP Tolsma, dy’t de lêste wedstriid
fan de Bergstra’s ferlear. Op de plakken 3-6: Jumbo Supermarkten,Black Ladies,
Leanbedriuw Okkema 2 en de oanmoedingspriis wie foar Boubedriuw Bootsma Turns
dy’t untank trainingen dochs lêste waard.

In moaie,
sportive en gesellige jûn yn Easterein! Tige tank foar jimme dielnimmen en oant
takom jier! Set de datum yn de aginda: 20 as 27-11-2020!