In drone en in helikopter fleane de kommende twa wike oer Fryslân om yn de koronakrisis hoopfolle boadskippen fan Friezen fêst te lizzen. Op 16 april tusken 9 en 10 oere fleant der in drone dy’t ek oer Easterein hinne komt. Yn tsien etappes wurdt hiel Fryslân fêstlein. Minsken dy’t oan de rûte wenje wurdt frege om elk út eigen tún of balkon te wuiven en aksjes te organisearjen, bygelyks mei spandoeken, stoepkryt of oare kreative uterings. De bylden wurde útstjoerd fia de website fan de Ljouwerter Krante en fia Omrop Fryslân.
Fryslân fan Boppen wurdt mooglik makke troch de Fryske gemeenten, yn gearwurking mei de provinsje, Ljouwert-Fryslân 2018, Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante.