1e ljipaai fûgelwacht Easterein fûn

Gerben Kooistra hat fannemoarn (15-03-2021) om goed 09.00 oere it 1e ljipaai fan de fûgelwacht Easterein fûn. It ljipaai lei yn in stikje mais by de buffelboer oan it Hartwerterkleaster. Op snein wie hy mei Hans Kooistra ek al yn dat sikje oan it sykjen wést omdat se in ljip fûl op in âld roek slaan seachen. Doe wiene se te betiid. Gerben sette fannemoarn wér nei it stikje ta en doe wie it bingo. Dit is foar Gerben de twadde kear dat hy de 1e fan de wacht fûn. Op 16 maart 1991 30 jier ferlyn dus, fûn hy ek it 1e ljipaai fan de fûgelwacht.

Kan een afbeelding zijn van 1 persoon en buitenshuis

It rayon fan de fûgelwacht is no allinich noch iepen foar de jeugd fan de légere skoalle. Foar de senioren begjint de neisoarch.