It wie efkes spannend at it wol troch gean koe en at de fiskers wol op de Skippersbuorren kamen om mei te dwaan oan de fiskwedstriid. De temperatuur wie poerbest allinich betiden kaam it wetter mei bakken nei ûnder ta. “Dan wol it goed bite” wa der wol sein en dat klopte ek wol. Om healwei trijen iepene Doede de fiskwedstriid en op dat stuit wa der krekt in grauwe brasem fan 35 sm. binnenhelle. Tusken healwei trijen en fjouwer oere wa der bést fongen. San 40 fiskjes binne der fongen en de foarsitter fan de jeugd hier der in leuk spultsje by betocht. At je in readfintsje, wytfintsje, fisk ûnder de 10 sm en in fisk boppe de 10 sm fongen dan hiene je VINGO en dér stie in leuk priiske tsjinoer. De prizen gongen hjoed mar nei 4 persoanen út 2 famyljes nl: Vingo by de jeugd nei Fenne Sybesma en Jasper Huitema. Jasper hie ek de grutste fisk fan 14,5 sm en syn heit hie de priis foar de measte fisk by de âldere jeugd. Fenna Sybesma hie ek de measte fisk by de jeugd wylst har tante Wiebkje de grutste fisk fong fan 16,5 sm. By de senioren hie Geb de measte fisk mar die hongen yn de rook fan iekenhout. Lekkere rikke iel foar de ferkeap. Dochs in tige slagge sneintemiddei. Yn oktober, novimber eb desimber organisearret de fûgelwacht syn rôffiskwedstriid. Hâld ús facebookpagina yn de gaten.