Programma Keningsdei

Programma:
09.00 oere:
We begjinne de dei feestlik mei it korps Wilhelmina, dat spilet op ferskate plakken yn it doarp.

09.00 – 12.30 oere: Garagesale
Yn it kader fan MEUK IS LEUK!! Set jimme guod bij de dyk as yn de garage by minder waar. Jou
dy op by Anneke fia 06-22612591. Dan krije jimme fan ús oranje ballonnen. Dy kin je dan sichtber
ophingje by de dyk om sa jimme dielname kenber te meitsjen foar oaren. Ek is it mooglik om yn de
wike foarôfgeand oan Keningsdei alfêst jimme dielname en adres op de Facebook pagina fan Easterein
Fraach & Aanbod te setten.

10.00 oere: Keatsen
Yn ferskate klassen, de ynlis is € 4,-, opjaan kin bij Wytze Vink tot oant snein 24 april 20.00 oere. Till.
06-54774931 as op opjefte@kfeasterein.nl.

11.00 oere: Klaverjassen
Yn de Skoalleseize, de ynlis is € 2-. Yndividueel opjaan yn de Skoalleseize op Keningsdei sels.

13.00 oere: Autopuzzeltocht
Start by bij de Skoalleseize. In moaie route troch de Greidhoeke, opjaan foar moandei 25 april
bij Hieke till. 06-52589977. Jim krije per auto in eigen starttiid mei.

13.00 oere: Bingo
Bingo foar de bern yn de kantine fan de sporthal! De bingo is fergees.

13.30 oere: Jeu de Boules
De ynlis is € 2,-. Opjaan by de klup sels, as by de heer Bouma, till,. 0515-333975.
We slute de dei ôf mei in gesellige neisit yn de Skoalleseize mei muzyk fan Jan Bouke Bouma.

Deadebetinking 4 maaie
De jierlikse deadebetinking mei de skoalbern út Easterein is dit jier op woansdei 4 maaie. Fanselssprekkend
binne jimme mear as wolkom! De betinking begjint om 19.30 oere yn de “grifformearde tsjerke fan
eartiids” oan de Wynserdyk. De doar is iepen fanôf 19.15. Jimme kinne dan lústerje nei oargelspul.
Oant 4 maaie, út namme fan CBS de Foareker, de Oranjeferiening en it Kunstcentrum “In de kerk”