08.30
Start mini OPTOCHT foar de bern. De bern fan groep 1 en 2 meie yn de trein mei. De oare bern ferklaaid der efteroan. We eindigje by it fjild en dan meie de bern fanof groep 3 tsjin ynlevering fan it ticket noch in rûntsje mei de trein mei. It ticket sit by de patat/ ijsko/snoep bontsjes dy’t jim op skoalle krije. En fansels is dit it moment om efkes troch de buorren om de ferskate strjitfersieringen te besjen. Om 11.00 oere gean de peuters noch in rûntsje troch it doarp
9.00
Kofje drinke op it fjild.
9.30
KEATSEN yn mar leafst 6 klassen. Der is in aparte klasse foar de jeugd, bedoelt foar de bern dy’t no yn groep 8 sitte oant 16 jier. Kom op tiid, oars begjinst mei in efterstân mei it keatsen.
10.00
FOLLEYBAL yn 4-tallen. Krekt as by it keatsen meie de bern fan groep 8 ek mei[1]dwaan. Betink in namme foar jim team en jou jim op.
10.30
Foar de bern fan groep 1 oan’t en mei 8 is der in Teater foarstelling yn de tinte. Theaterfiets Show “Het avontuur aan zee” Ek kin jim op de foto mei us camping maskote KEES KIKKER. En is der in springkessen foar de bern
11.00
KLAVERJASSEN yn de tinte. Graach opjaan fan te foarren. We gean echt om 11.00 los sadat der trije beamen lein wurde kinne.
15.00
In gesellich stikje muzyk fan Folkert Hans De man mei de trompet en saxofoan! Yn it ferlyne underdiel fan ferskate bands, tsjintwurdich spilet hy in protte solo. Hy spilet musik foar jong en âld en kin der seker wol in feesje fan meitsje!
17.00
PRIISÚTRIKKING fan alle aktiviteiten yn de tinte. (yn de pauze fan de musik)
19.30
Start fan de BEDDENRACE by de tinte
De bedoeling is om in “bêd” op tsjillen te meitsjen, wat bestjoerber is. It mei fierders fan alles wêze, at je der mar in bêd yn sjen kinne. We gean soepel mei dizze kaders om. Maksimaal 5 persoanen per bêd. Wa der op leit en wa triuwe moat, dat is oan jimme. It mei net motorisch oandriuwn wurde. Jimme binne ferantwurdlik foar jimme eigen feiligens. Bruk in fytshelm of sa. Der bin prizen foar de rapste en foar it moaiste gehiel. It parcours sil bekend makke wurde op de jûn sels.
22.00
Voetjes van de vloer mei TimeMaud