It duorret noch efkes, mar alfêst in berjochtsje sadat elkenien dêr rekken mei hâlde kin. Fan 29 augustus oant en mei 16 septimber 2022 fiert de provinsje Fryslân ûnderhâld út oan de provinsjale dyk N359 fan Wommels oant Burchwert. De dyk krijt in nije asfaltlaach. Om dy wurksumheden útfiere te kinne, wurdt it ferkear dan omlaad fia de N359, A7, Stadsrondweg Noord, N354 en N384. Op de kaart stiet dy omleidingsrûte oanjûn.