Utsteld gelok yn Easterein op snein 7 augustus 2022

(Volledige tekst in NL onderaan dit bericht)

Op snein 7 augustus 2022 om 15:30 is in ferhaal fan it ferhaleprojekt Utsteld gelok fan Ljouwert UNESCO City of Literature te beharkjen yn Pastorytún yn Easterein. Suzanne van Zwam lêst dêr it ferhaal Gjin tiid te ferliezen fan Marga Claus foar, yn it Frysk.

  • Bring dyn eigen stoel/kleedsje mei
  • Parkearje by de sporthal!
  • Pastorytún Easterein, Tsjerkebourren 1, Easterein.
  • Frije tagong
  • Tsjerke is ek iepen

Alle hûndert dagen fan kultureel programma Arcadia soarget Ljouwert UNESCO City of Literature mei Utsteld gelok foar in nij, live foarlêzen ferhaal op hieltyd in oar, paradyslik plak yn Fryslân. De reade tried: de syktocht nei skientme yn en nei de pandemy.

Wat jout ús moed, hokker siedsjes plantsje wy foar de takomst? Hûndert auteurs út binnen-en bûtenlân skreaunen der in nij, koart ferhaal oer. Fyftjin professionele fertellers lêze dizze ferhalen foar. Yn de tún by de Friezen thús, op de folkstún, yn tunen fan staten en stinzen en yn pluk- en teetunen. Yn it Frysk, yn it Nederlânsk of yn it Ingelsk.

Boarne fan ynspiraasje is it fjirtjinde-iuwske masterwurk fan de Italiaanske dichter en gelearde Boccaccio: de Decamerone. In samling fan hûndert ferhalen, yn tsien dagen ferteld troch tsien jonge minsken, op ‘e flecht foar de pest.

Lykas doe fertelle we inoar ek no ferhalen om de tiid troch te kommen, om inoar te fermeitsjen, om te reflektearjen op de ellinde. Mar ek – en benammen – om wer in bytsje skientme en gelok te finen.

It programma duorret likernôch in oere. De tagong is fergees en hoechst dy net oan te melden. Nim sels in túnstuoltsje mei. Mear ynfo stiet op www.uitgesteldgeluk.nl.

Verhalenproject Uitgesteld geluk in De Pastorietuin in Easterein.

Op zondag 7 augustus 2022 om 15:30 is een verhaal van het verhalenproject Uitgesteld geluk van Leeuwarden UNESCO City of Literature te beluisteren in De Pastorietuin in Easterein. Suzanne van Zwam leest daar het verhaal Gjin tiid te ferliezen van Marga Claus voor, in het Fries.

Alle honderd dagen van cultureel programma Arcadia zorgt Leeuwarden UNESCO City of Literature met Uitgesteld geluk voor een nieuw, live voorgelezen verhaal op steeds een andere, paradijselijke plek in Fryslân. De rode draad: de zoektocht naar schoonheid tijdens en na de pandemie.

Wat geeft ons moed, welke zaadjes planten we voor de toekomst? Honderd auteurs uit binnen- en buitenland schreven er een nieuw, kort verhaal over. Vijftien professionele vertellers lezen deze verhalen voor. In de tuin bij de Friezen thuis, op volkstuincomplexen, in tuinen van staten en stinzen en in pluk- en theetuinen. In het Nederlands, in het Frysk of in het Engels.

Inspiratiebron is het veertiende-eeuwse meesterwerk van de Italiaanse dichter en geleerde Boccaccio: de Decamerone. Een verzameling van honderd verhalen, in tien dagen verteld door tien jonge mensen, op de vlucht voor de pest.

Net als toen vertellen we elkaar ook nu verhalen om de tijd door te komen, om elkaar te vermaken, om te reflecteren op de ellende. Maar ook – en vooral – om weer een beetje schoonheid en geluk te vinden.

Het programma duurt ongeveer een uur. De toegang is gratis en je hoeft je niet aan te melden.

  • Neem zelf een stoeltje mee!
  • Parkeren bij de sporthal!
  • Pastorietuin, Tsjerkebuorren 1, Easterein
  • Vrije toegang
  • Kerk is ook open

Meer info vind je op www.uitgesteldgeluk.nl.