Op freed 17 maart om 07.16 hat Jan Flapper it 1e ljipaai fan fûgelwacht Easterein fûn. It ljipaai lei by de plasdras fan mts. Bouma. It ljipaai lei hast ûnder syn rút want Jan wennet sels op Trijehúzen. It frije fjild fan Easterein is foar de senioaren sletten. De jeugd kin noch wol frij it lân yn foar it 1e ljipaai fan de jeugd.