Fannemoarn 18-03-2024 om 7.38 hawwe Marco Hoekstra en Doede Kooistra it 1e ljipaai fan Fûgelwacht Easterein fûn. Dérmei is it frye fjild foar de senioaren fan de fûgelwacht slúten en begjint de neisoarch. It frye fjild foar it 1e jeugdaai is noch wol iepen.
It wie de hiele wike al drok op de reed nei it lân fan S. Strikwerda. De ljippen wiene dér al tige warber wér se op oare stikken om Easterein hinne noch lang sa fier nét wiene. Op de jiergearkomst op 5 april yn de túnseal fan Bergsma sil de wikselbeker útrikt wurde.
