Programma sneon 27 april 2024
9.00 oere: It korps
We begjinne de dei feestlik mei it korps Wilhelmina, dat spilet op ferskate plakken yn it doarp.
9.00 – 12.00 oere: Kofferbakferkeap
Goai de auto fol en kom nei it sportfjild (fansels mei jimme ek spul op in kleedsje ferkeapje). Ferkeapje dêr, ûnder it genot fan in kopke kofje en allegear gesellichheid, jo spul. Fansels ha we net allinnich keaplju nedich, mar ek klanten! Kom dus allegear nei it fjild.
10.00 – 12.00 oere: sminken foar de bern
10.00 oere: Keatsen
Keatsen yn ferskate klassen, de ynlis is € 4,- . Opjaan kin by Wytze Vink oant en mei woansdei 24 april 20.00 oere. till. 06-54774931 as op opjefte@kfeasterein.nl.
11.00 oere: Klaverjassen
Klaverjassen yn De Skoalleseize, de ynlis is € 2,-. Yndividueel opjaan yn De Skoalleseize op Keningsdei sels.
12.00 oere: Broadsje knak foar alle bern fan de legere skoalle yn de kantine
13.00 oere: Ringstekke op’e fyts
Foar de bern fan de legere skoalle. Kom nei it fjild en dêr ha we in moai parkoers foar jimme makke. Dielname op eigen risiko.
13.00 oere: Fotopuzzel rintocht troch Easterein. In nijsgjirrich blokje om.
13.30 oere: Jeu de Boules
Jeu de Boules: de ynlis is € 2,-. Opjaan by de klup sels, as by de heer Cees Wouda, till. 06-36303394.
17.00 oere: In geselliche ôfslúting mei muzyk fan: DJ Quickfinger
Buurtfersiering en optocht doarpsfeesten
Tusken 15.00 – 17.00 oere is it mooglik om alfêst ynformaasje en in lân te krijen foar it kommende doarpsfeest. We binnen mei in stand oanwêzich yn’e kantine.
Deadebetinking 4 maaie
De jierlikse deadebetinking mei de skoalbern út Easterein is dit jier op sneon 4 maaie. Wy nûgje jimme fan herte út om hjir by te wêzen! De betinking begjint om 19.30 oere yn de “grifformearde tsjerke fan eartiids” oan de Wynserdyk. De doar is iepen fanôf 19.15. Jimme kinne dan lústerje nei oargelspul. Oant 4 maaie, út namme fan CBS de Foareker, Oranje en Heitelân en it Kunstcentrum “In de kerk”