Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai – 7e edysje! It giet wer oan! Op Freed 25 novimber 2016 sil alwer foar de sânde kear it NIJE Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai hâlden wurde. Dit kear ha der wer it maksimale oantal teams harren yn skreaun foar dit sportive, ûntspannend en ynspannend barren! We begjinne 25-11-2016 om 19.00 oere en we ha dus 18 teams út ús moaie gemeente!
Deselde groep entûsjaste minsken út ferskate sportrûnten fan de Gemeente Littenseradiel dy dit toernoai, ûnder de flagge fan follybalferiening COVOS Easterein, opsetten ha, steane ek wer klear om jimme te ûntfangen! Doel is om mei in sûne miks fan ynspanning en ûntspanning in moaie ynfolling oan dizze jûn te jaan. Ynspanning yn de seal, wer sportyf foar elk punt striden wurdt. En ûntspanning nei de tiid by de priisútrikking en wer oer de wedstriden neipeteare wurde kin ûnder it genot fan … Doel is om de bal ‘sprekke’ te litten mei yn de holle de olympyske gedachte ‘meidwaan is wichtiger as winne’. Kom op 25 NOVIMBER 2016 nei Sporthal De Greidhoeke yn Easterein en genietsje fan de wille fan de dielnimmers oan it LKBFT!
De Kommisje