In protte rin- en fietsferkear op 6 septimber troch Easterein hinne. Tusken 11.45 en 14.30 komme der in stikmannich minsken troch Easterein foar de Milleniumloop. Om 14.00 oere start de 1/4 triathlon. Dizze sporters sille earst 1 kilometer swimme en dernei op de fiets stappe om 2 rûntsjes fan 20 kilometer te fietsen en dan 10 km drafe. Dizze sporters sille om ûngefear 15.00 oere foar it earst troch Easterein fietse. Om 15.00 oere gean der san 130 triathleten fan start foar de 1/8 ste triathlon. 500 meter swimme, 20 km fietse en 5 kilometer drafe. De 1ste sil om san 15.30 troch Easterein hinne komme. Dan om 18.00 oere de Noflike wielerronde fan Easterein. Ien en al drokte en gesellichheid sa at jim sjogge.