Op 6 en 7 maart spilet Fuort mar Los “Famylje Bruinsma yn ‘e bocht”.
De tagong is € 7,50 foar folwoeksenen en € 3,00 – foar bern. De kassa is in heal oere foar de foarstelling iepen. Eltsenien dy’t gebrûk makket fan de automatyske oerskriuwing kin fanôf dan de frijkaart(en) ôfhelje. Op sneontejûn is der ek in ferlotting mei leuke prizen!
Sjoch de flyer foar mear ynformaasje
Swaanswyk is in famylje fan goeie komôf. De by harren ynwenjende beppe hat de 1e priis wûn mei in kryptogram. De priis is in wike fakânsje. Dat blykt yn in caravan op de Veluwe te wêzen. Kampearje is foar dizze minsken dy’t in lúks libben hawwe in hiele nije erfaring en se hawwe dan ek de grutste muoite om harren oan te passen. Dat jildt net foar de famylje Bruinsma, dy hat dit wol faker by it ein hân. Mei sokke tsjinstellings kin gehakketak tusken beide famyljes dan ek net útbliuwe.