Dit jier is it al wer 30 jier lyn dat de Fûgelwacht Easterein troch in pear fanatyke natoerminsken oprjochte is. Om presies te wèze 8 novimber 1983. Fûgelwacht Easterein sit dit jier dus yn in lustrumjier. Om dit te fieren organisearret it bestjoer fan de fûgelwacht op snein 6 oktober in fiskwedstriid foar de skoaljeugd fan 14.30 – 16.00 oere en neisoarchers, leden, eareleden, stipers, ingelanden en donateurs fan 14.30 – 16.30 oere op de skippersbuorren. Foar beide groepen is der in priis foar de measte fisken en de grùtste fisk.