3 febrewaris: Masked Singer yn Easterein

The Masked Singers komt nei Easterein! Sneon 3 febrewaris om 19.30 oere yn de seal fan Bergsma. Wa is de persoan yn it pak? Jimme meie riede wa it is! Derneist sille Wilhelmina en Forte Frisone fan harren heare litte dizze jûn. De tagong is fergees en it skoft is mei in ferlotting. It wurdt in jûn foar jong & âld mei bekinde (ex) Eastereiners ferklaaid as Deftige Hond, Mascotte Beer, Fanfare Kip en Rock’n Roll Aap. Mis it net!