28 july: Everhard Zwart op it oargel yn Martinitsjerke

everhardzwartTongersdei 28 july spilet Everhard Zwart op it oargel fan de Martinitsjerke yn Easterein om 20.00 oere. Everhard Zwart is in soan fan de ferneamde, 0p 29 april 1997 ferstoarne, Willem Hendrik Zwart, oargelist fan de Bovenkerk yn Kampen. Syn pake wie de legendaryske Jan Zwart. Everhard Zwart krige al op jonge leeftyd oargellessen fan syn heit, dêrnei al gau by Feike Asma, dy’t hy ek jierren as registrant assistearde.

Nei syn gymnasiumoplieding studearre hy oan it konservatoarium yn Utrecht en Rotterdam, dêr’t hy yn 1983 ôfstudearre. Syn leararen foar oargel wiene André Verwoerd en Arie J. Keizer. Fierder studearre hy noch by Gunther Kaunziger yn Dútslân en Jean Guillou yn Frankryk. Syn ynternasjonale debút makke er yn 1983 yn Barcelona (Spanje).