Om kliïnten fan soarchynstelling Talant in moaie dei te jaan, organiseart Omrin op sneon 25 maaie wer de toertocht ‘Met z’n allen’. Dizze toertocht fan jiskeweinen, rolstoelbussen, brandwachtauto, plysjebuske, motorplysje en ambulânse is dit jier foar sa’n 100 kliïnten fan Talant, dy’t heech út de ferskate kabines alles goed besjen kinne. Der dogge yn totaal mear as 85 frachtauto’s en oare weinen oan mei. De rûte rint fan Ljouwert nei Snits en wer werom fia ferskate gemeenten. In protte sponsors meitsje de toertocht mooglik. (Sjoch ek de flyer ). Fansels leit Easterein ek oan de rûte. De auto’s komme út Wommels wei en ride dan troch yn de rjochting fan Itens.
Flaggen
De organisaasje freget om de flaggen út te sekken en fansels om efkes te sjen (en te wuiven). Yn de flyer kinne jo de folsleine rûte besjen.