Op sneon 21 maart is de jierlikse gymnastyk demonstraasje fan gymnastykferiening O.D.I. Easterein.
De ferskillende groepen wolle graach sjen litte wat der allegear dien wurd op gymnastykles.
De beide jeugdgroepen litte harren keunsten sjen en ek de damesgroep docht mei oan de demonstraasje.
Elkenien is fan herte wolkom!
Liket gymnastyk dy of jo ek wol wat? Der kin altyd 2 kear fergees mei in les meidien wurde.
De lessen binne op moandeitemiddei yn de sporthal:
Dames : 15.00 oere
Groep 1 (groep 1 en 2 basisskoalle): 16.00 oere
Groep 2 (fanôf groep 3): 17.00 oere