Sneintemiddei om goed 15.00 oere is it 1ste ljipaai fan de Foareker fûn. Hedwich Kooistra fûn it aaike yn de jeiugdkrite oan de âld dyk. De fûgelwacht hie dit stikje lân iepen stelt foar de jeugd om harren te stimulearjen it lân yn te gean om te aaisykjen. Dér komme immers de nije neisoargers 2.0 wei. De fûgelwacht is der tige grútsk op dat it earste aaike fan de jeugd/skoalle wér fûn is.