Martin Overal hat sneontemoarn om goed 10.30 it earste ljipaai(en) fan Easterein fûn. Hy fûn in twake op de bouw fan Hilhorst. Mei syn “maten” Jan Rinse en Paul wie hy al betiid it lân yn om de oare kânshawwers foar te wézen. It aaike sil snein symbolysk oanbean wurde oan de fûgelwacht omdat it dit jier net meinommen wurde mei.